volg doarpskeamer ed op facebook


logo wehelpen akkrum nes transp 150

logo oranjefonds kleiner

 doazen.JPG

Twa jier lyn hat it Akkrumer Dream Theater de minsken fan Akkrum en omkriten, mar ek rûnom yn it lân in protte toaniel-leafhawwers, prachtige jûnen besoarge mei it stik ‘MUTSEN’, skreaun troch Christa Warmerdam. 

MUTSEN giet oer 5 suskes, dy’t elts jier in wykeintsje mei elkoar op fakânsje gean. As se wer in wykein mei elkoar op paad binne komt de 6de suster, dy’t jierren net mei west is, foar it ljocht. Dit jout fansels in protte argewaasje, mar fansels komt it op’t ein allegear wer goed.

MUTSEN is al mei al 11 kear suksesfol opfierd en raasde al gau om in weardige opfolger.

It wie foar de spylsters mar dreech om  in passend stik te finen en de iennigste mooglikheid wie om self oan’e slach te gean: self in stik te meitsjen. It winterskoft fan 2018-2019 binne de froulju (Joke Poortman, Hennie Rorije, Nynke Bergsma, Yteke van der Wal, Nynke Bosma en Anneke Wiersma) al ympro  visearjend oan’t wurk gien ûnder lieding fan harren regisseuze Margreet Boer. 

Dit foarme it ramtwurk foar it stik ‘DOAZEN’, wat dêrnei skreaun is troch spylster Anneke Wiersma. De repetysjes fan it stik ‘DOAZEN’ binne op ‘t stuit yn folle gong! 

Yn ‘DOAZEN’ sjogge we hoe’t it de 6 suskes fierder fergiet. Wat hawwe se by’t ein? Binne de ferhâldingen noch hieltiid goed? Wat binne harren plannen en dreamen? Der is fansels wer in protte te dwaan ûnderling, mar dat kin fansels ek net oars mei 6 hiel ferskillende froulju.......

 

(Hoewol’t ‘DOAZEN’ it ferfolch is op ‘MUTSEN’ kinne je de stikken los fan elkoar sjen!!).

 

We hoopje jimme te moetsjen op 1 fan ús foarstellingen!

18 jannewaris — 20.00 —Lantearne Akkrum

19 jannewaris — 14.30 — Lantearne Akkrum (ANBO)

24 jannewaris — 20.00 —Lantearne Akkrum

25 jannewaris — 20.00 — Lantearne Akkrum

8 febrewaris —20.00 — Kiekmuure Hurderwyk

7 maart — 20.00 — De Pleats Terherne

Zoek op website

September 2020
Z M D W D V Z
1 2 3 4 5
6 7 8 9 10 11 12
13 14 15 16 17 18 19
20 21 22 23 24 25 26
27 28 29 30

In het nieuws:

Doarpskeamer Akkrum/Nes koopt eigen pand

Het nieuwe onderkomen van Doarpskeamer ED in Akkrum aan de Lange Miente, waar zo'n vijftig jaar geleden een noodpostkantoor was gevestigd en daarna de dierenartspraktijk, die nu in het pand ernaast is gevestigd.Stichting Doarpskeamer ED in Akkrum/Nes koopt het pand aan de Lange Miente 5, dat ze sinds november vorig jaar huurde. Na de start in een huurwoning aan de Rakswâl in Akkrum krijgt de organisatie nu eindelijk een vaste plek. De aankoop is mogelijk dank zij flinke subsidies van verschillende fondsen.

Lees meer...

Fietshelden

fietstocht2

Niets kon een groepje enthousiaste fietshelden ervan weerhouden om de prachtige Doarpskeamer-fietstocht door de mooie omgeving van Akkrum te maken!

Theaterwerkplaats basisschooljeugd gaat los

De Theaterwerkplaats voor basisschoolleerlingen uit groep 5 tot en met 8 start op dinsdag 8 september 2020. De organisatie is in handen van het Dreamtheater Akkrum en Stichting Kinderopvang Friesland (SKF).

Lees meer...

Fietstocht

fietstocht

Inloopspreekuur Meitinkers

Vanaf 6 juli 2020 is er elke maandagmiddag van 13:00 tot 17:00 uur weer een inloopspreekuur van de Meitinkers in de Doarpskeamer aan de Lange Miente 5 in Akkrum. Hebt u vragen over wonen, welzijn en zorg, dan kunt u bij een meitinker terecht. 

Lees meer...